Tennisclub Smash bestiet 50 jier
Al mear as 50 jier tennis yn Easterein – in lange ûntsteansskiednis
Bron: Skille fan 2024-7-2 – Troch Anna Marie Wijnia-Kuindersma
De Grondmij. leit nije drainaazje oan by it junioarefjild fan fuot- balferiening SDS. Derneist komt der in gravelfjild mei ferljochting yn 1969/1970. It gravelfjild wurdt simmers net brûkt, miskien is it wol geskikt foar tennis?
Yn juny 1973 wurdt de Kommisje SDS voetbal en tennis oprjochte. Der wurdt dan al tennisse op it gravel- fjild. Under de namme: Tennisklub SDS is op 29 maart 1974 in feriening foarme as suborgaan fan de fuotbalferiening SDS. P. Hilverda wurdt de trainer, derneist jout hy ek advizen oer de baan. Novimber 1975 begjinne sy oan in grut projekt, útwreiding fan de oefenhoeke en de oanlis fan de tennisbaan. Foarsitter Jan Klooster út Wommels meldt op de jiergearkomste dat hja gjin oanfraach by de gemeente Hennaarderadiel dogge foar subsydzje. Hja binne der wis fan dat sy as antwurd krije dat de kontribúsje dan ek omheech moat en dat wolle hja net. Harren leuze is: ‘Houdt het tennissen in Oosterend betaalbaar, … dan is het voor iedere beurs HAALBAAR.’
De feriening hat yn 1978, 78 leden. It jier derfoar wie de Sporthal iepene. Hjirfan wurdt ek gebrûk makke troch de tennisferiening.
Tennisferiening Smash
De tennisferiening Smash wurdt offisjeel yn 1983 oprjochte, Rinse Strikwerda en Ybeltje Visser ûnder- tekenje de akte by de notaris. De feriening sit dan al neist de Sporthal, der lizze trije gravelbanen. Dêrom- hinne leit in soarte fan hege ierdwâl. De skiep rinne rûn de banen. Ien skiep is de tennissers geregeld mei syn geblêr oan it oanmoedigjen. Klaas de Jager (ûnderhâldsman): “De keet dy’t by de baan stiet is sa lek as in sjems. Oeral stean pantsjes en waskbakjes as it reint. Je hoege net te dûsen, wat shampoo yn it hier en it is klear.”
Fan de tennisferiening Bontekoe keapet Smash yn 1991 yn Ljouwert foar fl. 1000,- de kantine. “Mei in ploechje frijwilligers brekke wy him ôf. Yn Easterein wurdt in fundear- ring lein en mei syn allen bouwe wy him wer op. Yn 2013 bout Boube- driuw Bootsma fan Turns, natuerlik mei in protte frijwilligers, de kantine dy’t der no noch stiet. De ynrjochting komt fan Marktplaats. De bar út Brabân.”
Detach toernoai
Yn 1986 wurdt yn juny foar it earst it offisjele Detach KNLTB toernoai, mei bûnsgedelegearde, organisearre. It toernoai hat it heechste prizejild fan Fryslân. Dat koe mei troch de sponsors. De earste priis is fl. 300,- de persoan, de twadde fl. 175,- en de tredde priis fl. 50,- . Der wurdt yn ferskillende klassen spile; hearen-, dames- en mingd-dûbeld.
Hinke de Jager: “Wy hawwe mear as hûndert dielnimmers. Alle wedstriden duorje in oere. Starte om fiif oere middeis en as it meisiet spylje wy fiif partijen op ien baan, der is dan noch gjin ferljochting. Spitich dat it it earste jier reint en wy yn Frjentsjer spylje moatte. Gjin ynkomsten foar de feriening, want dat is de opset fan dit toernoai. As der plassen op de baan lizze, dan lizze wy der grutte spûnsen op. Dy dogge wy dan troch in wringer en sa krije wy de baan wer drûch. Mei Sietie Wondaal regelje ik de wedstriden, dat is somtiden in gepuzel, mar wat in geweldige tiid.” Klaas: “Wy hawwe dy dagen in draaiendrêd, letter is dat in ferlotting wurden. Freedtejûns is der livemuzyk, sneons bernedei en natuerlik de finales. It is gemoedlik, sportyf en gesellich. Sneontejûns de ôfsluter mei in barbekjû. Der binne sels wol dielnimmers sliepen bleaun, as hja de folgjende dei wer spylje moasten.”
Takomst Smash
De feriening is yn 1983 begûn mei 150 leden. Sa troch de jierren hinne is dat oantal aardich ôfnaam. Jan: “Wy hoopten dat it lede-oantal yn en nei de koroana wat oanlûke soe. By in protte ferienings is dat wol it gefal, mar spitich net by ús. Wy hawwe no san 40 leden en dat is te min. De gesellichheid is der noch altyd. Der spylje fiif tiims kompetysje, derneist organisearje wy geregeld toernoaien. Eartiids binne wy ek inkele kearen kampioen wurden by de Friesland Cup.
Wy hawwe hjir trije prachtige gravelbanen lizzen, binne in sûne feriening, dus dêr leit it net oan.
Dit jier sil it Smash toernoai spile wurde op 8 oant 13 july. Der wurdt spyle yn poules en der binne moaie prizen. Sjoch foar mear ynformaasje oer toernoai of de feriening op tvsmash-easterein.nl.